Warskôging foar swiere buien

20 jul 2014 - 16:31

Foaral it easten fan Fryslân kin sneintejûn swiere tongerbuien krije. Dêrfoar warskôget waarman Pyt Paulusma. Yn de buien kin ek hagel en betiden swiere wynstjitten foarkomme. Der is dêrby kâns op wetteroerlêst. De ferwachting is dat de buien earst oer Limboarch lûke. Dêrnei driuwe se oer it eastlike part fan Gelderlân en Oerisel nei it noarden.

Ferfolgens lizze Drinte, Grinslân en it easten fan Fryslân yn dizze buienlijn. It KNMI hat earder foar snein de koade 'giel' ôfjûn, in warskôging foar gefaarlik waar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)