Spoar Harns-Ljouwert opknapt

20 jul 2014 - 14:49

Spoarbehearder ProRail is snein tusken Ljouwert en Harns úteinset mei in grutte opknapbeurt fan it spoar. Reizgers moatte dêrtroch de kommende wike mei de bus. Prorail fernijt it befeiligingssysteem op dit trajekt. De fersakkings yn it spoar wurde ek oanpakt.

Fan 7 oant 18 augustus folgje fergelykbere wurksumheden oan it spoar fan Ljouwert nei Snits en Starum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)