Ranking makket keatsen stikken

De beide haadklassepartijen fan it wykein ha slim te lijen fan keatsers dy't net yn de krite ferskine. Sneon yn Makkum en snein op de Rengersdei yn Ljouwert bleaune keatsers thús om mar gjin punten te ferspyljen yn it rankingsysteem. Nei dit wykein wurdt nei dy ranglist sjoen en binne de earste fyftjin partoeren wis fan de PC op woansdei 30 july yn Frjentsjer. Omdat it partoer fan Martijn Olijnsma, Marten Feenstra en Pier Piersma fergetten wie har foar dit wykein op te jaan, ûntstie der ek in brike situaasje.
Pier Piersma en Marten Feenstra keatsten beide dagen as ynfaller fan keatsers dy't net meidwaan woene y.f.m. de ranking.