Mei 60 km/oere oer it wetter

20 jul 2014 - 12:05

In 25-jierrige man is sneon mei syn wetterscooter ûntkaam oan de plysje. De plysje hie de man by in kontrôle op it Grytmansrak by De Feanhoop earst al warskôge foar te hurd farren, mar letter gie it wer mis. De plysje woe syn wetterscooter yn beslach nimme, mar de man naaide út. By de achterfolging waarden snelheden fan boppe de 60 km/oere helle. De plysje fûn it doe te gefaarlik wurden en hat him ûntkomme litten, mar wit wa't it is. Hy kin besite fan de plysje ferwachtsje.

De plysje hat sneon ek ferskate alkoholkontrôles hâlden op it wetter. Allinnich in 46-jierrige skipper út De Lemmer krige in bekeuring omdat hy tefolle dronken hie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)