Rekôr hite dei yn Fryslân

20 jul 2014 - 11:52

De hite sneon hat ferskate rekôrs brutsen, dat seit waarhistoarikus Klaas Ybema. Oeral yn de provinsje kaam it kwik dik boppe de 30 graden út. Sa waard it op Flylân 32 graden en dat is de heechste wearde fan de lêste 25 jier. Op Lauwerseach wie it mei 34,2 noch nea sa waarm. Ybema seit dat it ien fan de waarmste dagen yn july ea wie, mar dat jildt dan foar it noarden en it westen fan ús provinsje.

Yn de nacht waard ek in rekôr helle. Sa wie de temperatuer op de Ljouwerter fleanbasis om 24.00 oere noch 27 graden.

In pear sifers fan sneon:
- Skylge 31,5
- Flylân 32
- Ljouwert 33,4
- Bakkefean 34
- Doanjum 34
- Boalsert 33,5
- Seisbierrum 34
- Lauwerseach 34,2.
(boarne: Pyt Paulusma)

Trefwurden: 
rekôr waarmte Klaas Ybema
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)