Ynbrekker lit beurs achter

20 jul 2014 - 11:45

Der is yn de nacht fan sneon op snein ynbrutsen yn it swimbad Wettervlecke yn Surhústerfean. In tsjûge hearde stimmen en warskôge de plysje. Dy fûn op it terrein fan it swimbad de beurs fan in jonge fan 18 jier út De Harkema. Op de krusing fan de Zonneweide en it Esingarak seagen se lette trije jonges rinnen mei wiete klean oan. It die bliken dat ien fan har de jonge út De Harkema wie. De beide oaren komme út Surhústerfean.

Neffens de plysje hawwe se ûnder oare de snoepautomaat fernield. It trio is yn de sel setten en wurdt snein heard.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)