Lead stellen fan skoaldak

Plysjejas © ANP
Op de Tadingastrjitte yn Ljouwert is yn de nacht fan sneon op snein in leaddief oanhâlden troch de plysje. It giet om in man fan 32 jier út Ljouwert. Hy wie mei in trep nei it dak fan in skoalle gien en hie dêr it lead losmakke.
In omwenner seach dat en warskôge de plysje. Dy seach de man fytsen en hold him oan. Hy hie it ark en it lead noch by him. De man hat in ferklearring ôflein en moat letter noch foar de rjochter komme.