Langwar wint 1e wedstriid SKS

19 jul 2014 - 16:55

De earste wedstriid fan it SKS skûtsjesilen fan 2014 is sneon wûn troch it skûtsje fan Langwar. Op it wetter by Grou wie de striid oan de ein ta spannend. Akkrum en de Súdwesthoeke sieten der tichtby, mar kamen úteinlik as twadde en tredde oer de finish. Opfallend is dat de winner fan ferline jier, it skûtsje fan Snits, achteryn einige.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)