Minder publyk by hynstedagen

By de Hynstedagen yn Garyp wiene troch it waarme waar hûnderten besikers minder as oars. Gewoanwei steane der in protte minsken oan de kant by de ferskate kampioenskippen en keurings, no sykje de measte minsken it skaad fan de tinte op. De organisaasje hat in berop dien op de sjuery om de keuringen sa koart mooglik te hâlden. Sa gau't de sjuery der út is, meie de hynders de baan wer ferlitte, wylst se oars soms noch in ekstra rûntsje dogge. It is foar it earst yn it 15-jierrich bestean dat de Hynstedagen yn Garyp sok waarm waar treffe.
Yn 2011 en 2012 hie de organisaasje krekt hiel bot te lijen fan in soad reinwetter.