Brânwacht is brân 'meester'

De brânwacht yn Harns is de grutte brân oan de Hermeskade 'meester'. De brân ûntstie sneontemoarn om fiif oere hinne yn in kontainer. De brân sloech dêrnei oer nei twa neistlizzende loadsen, dy binne ferlern gong. Yn ien fan de loadsen siet de kringloopwinkel fan Omrin. In kraan wie om 10 oere dwaande it gebou iepen te brekken, sadat de brânwacht der better by kin om nei te blussen.
Fanwege de reek waard de Zuidwalweg ôfsletten, dy ôfsetting is yntusken wer foarby. Diken yn de buert fan de troffen pannen binne noch wol ôfsletten.