Brân treft kringloopwinkel

19 jul 2014 - 07:32

By de grutte brân yn Harns is de kringloopwinkel fan Omrin ferlern gong. Eardere berjochten fan de brânwacht dat de brân yn in skulpewinningsbedriuw wie, binne bysteld. De brân ûntstie sneontemoarn betiid yn in kontener neist in loads oan de Hermeskade. De brân is dêrnei oerslein nei de loads en letter ek nei de kringloopwinkel. De brânwacht besiket foar te kommen dat it fjoer oerslacht nei twa fetsilo's fan Sonac yn 'e buert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)