Noch 1x Normaal op de Feanhoop

Normaal hat freedtejûn mooglik syn lêste optreden jûn op it Feanhoopfestival. De band ûnder lieding fan 'boererocker' Benny Jolink kundige earder dit jier oan op te hâlden mei toeren. De organisaasje fan it Feanhoopfestival giet der dan ek fanút dat dit jier de lêste kear wie.
Normaal is fêste gast op it festival, dat bekend stiet om it biersmiten en it toutsjespringen mei t-shirts. De rockgroep út de Achterhoek spile dit jier foar 38ste kear op de Feanhoop. Sa'n 2000 minsken kamen op it optreden ôf.
Fanwege de sûnens fan sjonger Benny Jolink sil de groep it fan takom jier ôf rêstiger oan dwaan. Se wolle ophâlde mei grutte optredens. Dochs hat de organisaasje fan it Feanhoopfestival de hope dat de band takom jier noch ien kear weromkomt. Normaal bestiet dan 40 jier.
Yntusken makket de festivalorganisaasje har wol klear foar in takomst sûnder Normaal. Sa spile de band foar it earst net op sneon, mar op freed. Ek is der in twadde poadium bykaam, dêrmei it moat mear in echt festival wurde.
Benny Jolink komt altyd mei in soad nocht nei de Feanhoop ta. Hy sei foar de kamera fan Omrop Fryslân takom jier der gewoan wer by te wêzen, as syn sûnens it ta lit. De 67-jierrige sjonger hat bot lêst fan astma.