SC Hearrenfean wint fan MVV

18 jul 2014 - 22:12

Sportklup Hearrenfean hat freedtejûn mei 2-0 fan MVV wûn. De doelpunten waarden yn Noardwâlde ferdield oer twa helten. Al nei seis minuten makke Hakim Ziyech mei in ôfstânsskot de 1-0. Nei 23 minuten spyljen yn de twadde helte makke ferdediger Kenneth Otigba de 2-0.

Hearrenfean spile foar it earst sûnder in soad te wikseljen. Sûnder te oertsjûgjen, wie Hearrenfean wol de bettere ploech.

Opstelling: De Fockert, Marzo, Van Aken, Buijs, Van Anholt, De Roon, Van den Berg, Ziyech, Basacikoglu, Uth en Wildschut.

Twadde helte: De Fockert, Marzo, Otigba, Buijs, Van Anholt, De Roon, Van den Berg, Ziyech, Slagveer, Wildschut en Sinkgraven.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)