Jildpriis foar festival Skylge
De Terschellinger Filmdagen hawwe 2500 euro wûn yn in Facebook-aksje fan Nasjonale Nederlanden. De donaasje sil ûnder oaren brûkt wurde foar de útwreiding fan it specials programma.
It festival op Skylge wurdt dit jier foar de sechde kear hâlden en is dit jier fan 14 oant en mei 16 novimber.