Twa ynwenners De Gordyk omkaam

18 jul 2014 - 15:06
  • By de fleanramp kamen 193 Nederlanners om it libben

By de fleanramp yn Oekraïne tongersdei binne twa ynwenners fan De Gordyk om it libben kaam. Dat liet de gemeente Opsterlân freedtemiddei yn in ferklearring witte. De gemeente sprekt syn meilibjen út en freget elk weromhâldend te wêzen yn it bekend meitsjen fan de nammen fan de twa.

Ek in frou út Drachten soe yn it fleantúch sitten hawwe melde ferskate lokale media. De gemeente Smellingerlân kin dit noch net befêstigje. Yn totaal kamen 298 minsken om it libben, ûnder har 189 Nederlanners.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)