Mear meldings fan blau-alch

18 jul 2014 - 11:51
  • Blau-alch

Op hieltyd mear plakken wurdt blau-alch fûn yn it swimwetter. De gemeente De Fryske Marren warskôget dat der better net swom wurde kin yn de Wyldemerk by Aldemardum. Dit is gjin offisjeel swimplak en wurdt dus ek net kontrolearre. De gemeente hat ferskate meldings krigen en hat dêrom warskôgingsbuorden pleatst.

Ek by it westlik strân fan Lauwerseach, de Leijen by De Rottefalle en de Aldegeaster Brekken is blau-alch fûn. Dizze offisjele swimplakken binne ek te finen op de digitale swimkaart. Hjir stean de 51 offisjele Fryske swimplakken op.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)