Lêste bewenners Ikeflats werom

De bewenners fan de Ikeflats yn Ljouwert binne tefreden oer de renovaasje en ôfhanneling fan de problemen troch wenningboukorporaasje Elkien. Freed krige de lêste groep fan 49 bewenners de kaai fan har wenning werom. De bewenners fan de trije flats út de jierren '60 ha moannen op in oar plak wenje moatte, omdat de galerijen net mear fertroud wienen. De galerijen binne neisjoen en reparearre.
Net alle bewenners fan de flats woenen werom. Yn de rin fan de ôfrûne twa jier ha 108 bewenners de hier opsein.
De grutskalige renovaasje waard op poaten set nei oanlieding fan it ûngelok by de flats oan de Antillenwei yn Ljouwert yn 2011. Freedtemiddei nei fjouwer oere is de oannimmer klear yn de lêste flat en kinne de bewenners wer yn har eigen hûs.