Skylger hat luchtdrukpistoal

18 jul 2014 - 11:32

De plysje op Skylge hat yn de nacht fan tongersdei op freed trije 17-jierrige jonges oanhâlden. In eilanner waard oanhâlden om't hy mei in luchtdrukpistoal oer strjitte rûn. Mooglik wie er ek by in fjochterij belutsen. In jonge Amersfoorter waard oppakt om't er in kafee oan de Oosterburen net út woe, befeiligers oanfoel en de plysje misledige. Hy waard frijlitten nei it beteljen fan in boete fan 370 euro.

In jonge út Oss fernielde op de Haven in drankautomaat en moast in boete fan 230 euro betelje. Ek moat de knaap de skea fergoedzje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)