Regtop by tafersjochkandidaten

18 jul 2014 - 10:57

De stifting Kulturele Haadstêd 2018 hat trije kandidaten foardroegen foar de ried fan tafersjoch. It giet om Paul Visschedijk út Gytsjerk, John Bonnema út Ljouwert en André Regtop fan It Hearrenfean. Fan de kandidaten is allinnich Regtop nij, Visschedijk en Bonnema sitte al yn de ried fan tafersjoch.

Boargemaster en wethâlders fan Ljouwert en Deputearre Steaten fan de provinsje nimme nei de simmer in beslút oer de foardracht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)