Famkes stelle drank út kafee

18 jul 2014 - 10:17

De plysje yn Snits hat yn de nacht fan tongersdei op freed twa famkes oanhâlden nei't se flessen mei sterke drank út in kafee stellen hiene. De famkes fan 16 en 17 jier wurde der ek fan fertocht dat se meiwurkers fan it kafee beledige en mishannele ha.

It winkelpersoniel trapearre de froulju doe't se de flessen drank achter de bar weihellen. Doe't de meiwurkers de froulju út de saak sette woene, waarden se beflibe en slein. De plysje hat de balstjurrige froulju yn de sel setten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)