Brân yn Wettersportsintrum

© ANP
It bygebou fan it Wettersportsintrum yn Eastersee is yn de nacht fan tongersdei op freed folslein ôfbaarnd. De brân wie net grut, mar de 21 bern dy't yn it haadgebou slepten, moasten fanwege de feiligens de akkommodaasje ferlitte. De bern fan 13 oant 15 jier en de begelieders hawwe neffens de brânwacht adekwaat hannele. Se fersammelen har op it sammelplak.
De brânwacht skaalde fanwege de oanwêzigens fan de bern op nei grutte brân, mar hie it fjoer rap ûnder kontrôle. De bern koene nei it blussen werom op bêd. Der rekke gjinien ferwûne.