Van Rijn: jild Fier nei VNG

17 jul 2014 - 20:27

Steatssiktaris Martin van Rijn wol dat de finansiering fan Fier Fryslân oernommen wurdt troch de VNG, de feriening fan Nederlânske gemeenten. Fier wurdt no noch troch it Ryk betelle, mar dy hâldt dêr yn 2015 mei op. Fier wurket foar ûnder oare slachtoffers fan loverboys en minskehannel út hiel Nederlân. Om foar te kommen dat Fier mei alle gemeenten apart ôfspraken meitsje moat, wol Van Rijn dit ûnderbringe by de VNG.

Direkteur Linda Terpstra fan Fier hat wurdearring foar dit plan, mar wit noch net wat dit foar har organisaasje betsjut.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)