Ekstra waarmtemaatregels

By ferskate eveneminten dy't dit wykein plak fine yn ús provinsje wurde ekstra maatregels naam yn ferbân mei de waarmte. Sa hawwe se by de hynstedagen yn Garyp ekstra wetterbakken delsetten foar de hynders en binne der partytinten delsetten om foar skaad te soargjen. De ekstra maatregels binne nedich omdat de temperatuer de kommende dagen boppe de 30 graden útkomt. It ryksynstitút foar Folkssûnens en it KNMI hawwe it nasjonale hiteplan yn wurking setten.
Dat betsjut dat der maatregels naam wurde moatte om kwetsbere groepen te beskermjen.
Sa moat der ekstra goed om de âlderein tocht wurde.