Ferwûne by brân Makkum
By in brân yn in wenning oan it Molenrak yn Makkum is tongersdeitemiddei ien persoan ferwûne rekke. It fjoer ûntstie yn in panne oalje op it fjoer. De brânwacht hie it fjoer gau ûnder kontrôle. It slachtoffer is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.