'Mega Food Stunter' slacht oan

De 'Mega Food Stunter' liket ek yn Fryslân oan te slaan. It giet om in nij type supermerk, dat in stik goedkeaper wêze wol as de Aldi en de Lidl. De Mega Food Stunter ferkeapet benammen djipfriesprodukten tsjin opfallend lege prizen. Dat is mooglik trochdat it bedriuw restpartijen en hoarekapartijen opkeapet. De ienfâldich ynrjochte winkels binne, om de kosten sa leech mooglik te hâlden, mar in pear dagen yn 'e wike iepen.
Der binne yn Fryslân no twa Mega Food Stunters yn Drachten en Wolvegea. De direksje slút mear festigings net út.