E-bikes populêr by toeristen

17 jul 2014 - 15:14

De fraach nei elektryske fytsen by toeristen yn Fryslân nimt hieltyd mear ta. Toeristeburo Friesland-Holland yn Wolvegea spilet dêr handich op yn en hat him spesjalisearre yn fakânsjes mei e-bikes. Albert Hendriks is direkteur fan in toerismeburo en ferhiert simmerdeis e-bikes. Neffens him is benammen de Alvestêderûte geskikt foar dizze nije foarm fan toerisme.

Elektryske fytsen binne djoer yn de oanskaf en sa kinne toeristen ûnderfine watfoar fyts oft by har past foardat se ta oanskaf oergeane.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)