Renovaasje Eikenflats klear

De lêste bewenners fan de Eikenflats yn Ljouwert komme freed wer thús. Nei oanlieding fan it ûngelok mei de Antillenflats fan wenningkorporaasje WoonFriesland yn 2011, hat wenningkorporaasje Elkien al har flats ûndersykje litten. Doe die bliken dat de Eikenflats net oan de feilichheidseasken foldienen.
De flats binne renovearre. Dêrfoar moasten de bewenners yn groepen nei oare ûnderkommens ferpleatst wurde. De earste groep bewenners ferhuze yn febrewaris 2013 nei in tydlik wenplak. De lêste groep wie fan it maitiid oan bar.