Zeinstra by replika WK-finale

Erwin Zeinstra yn aksje
Grinsrjochter Erwin Zeinstra út Dronryp sil de oefenwedstriid tusken Dútslân en Argentinië flagje. Mei skiedsrjochter Björn Kuipers en syn kollega-grinsrjochter Sander van Roekel waard it arbitrale trijetal troch de UEFA frege om de striid op 3 septimber te lieden.
De oefenwedstriid is in replika fan de WK-finale yn Brazilië dizze moanne. Op it WK kaam Zeinstra ek al yn aksje, mar moast nei hûs doe't Oranje yn de heale finale kaam om partijdichheid foar te kommen.