Harnzer tegels nei museum

17 jul 2014 - 11:22

It Hannemahûs yn Harns krijt de trije tablotegels dy't yn it direkteurshûs fan de eardere koaltearfabryk 'Perseverantia' sieten. It Jugendstilgebou út 1895 wurdt sloopt foar de útwreiding fan de N31 by Harns. De tegels binne yn de 19e ieu makke by it Harnzer tegelfabryk. Dy twa aspekten binne foar direkteur Hugo ter Avest fan it Hannemahûs reden om de tegels yn de kolleksje fan it museum op te nimmen.

It is noch net bekend wannear't de tegels foar it publyk te sjen binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)