Spitse striidt foar plak op WK

17 jul 2014 - 11:12

It Nederlânsk frouljusfuotbalalvetal, mei dêryn Sherida Spitse fan Snits, spilet sneon 13 septimber de wichtige kwalifikaasjewedstriid tsjin Portugal. Dizze foarlêste groepswedstriid yn Venlo is fan grut belang yn de striid om pleatsing foar it WK fan 2015 yn Kanada. De Oranjefroulju steane op dit stuit op it twadde plak yn de poule. Noarwegen giet oan de lieding.

De nûmers ien fan elke poule pleatse har streekrjocht foar it WK. De bêste nûmers twa geane de striid meiinoar oan yn de play-offs foar in WK-ticket.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)