Hallum: noed oer stjoermêst

Telefoanmêst © ANP
De aksjegroep Hallum In Actie stelt in brief op oan de gemeente Ferwerderadiel mei it fersyk om nochris te sjen nei in mooglik oar plak foar de nije stjoermêst fan Vodafone. In nije 30 meter hege mêst komt op it plak fan de âlde 18 meter hege mêst, oan de râne fan it doarp. De aksjegroep makket him grutte soargen oer de skea dy't de elektromagnetyske strieling ha kin op de sûnens.
Neffens de aksjegroep ûndernimt de gemeente te min aksje, mar beroppe se har op lanlike regels. It is noch net slagge kontakt te lizzen mei Vodafone.