Postma werom nei UNIS Flyers

17 jul 2014 - 07:31

IIshockeyklup UNIS Flyers fan It Hearrenfean hat foar it nije seizoen Marco Postma en Andrew Krelove kontraktearre. Marco Postma komt oer fan HYS Den Haag. De 30-jierrige oanfaller spile oant 2008 foar de Flyers. Dêrnei makke er de oerstap nei Nijmegen, Dútslân en Den Haach. No't HYS Den Haag takom seizoen net mear op it heechste seizoen spilet, makket Postma syn rentree by de Flyers.

De Kanadees Krelove spile de ôfrûne twa seizoenen ek al foar de Feansters en hat op 'e nij foar in seizoen tekene.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)