Soad útfal by Fjouwerdaachse

De kuierders fan de Nijmeegse Fjouwerdaachse begjinne tongersdei oan de tredde dei fan it kuierevenemint. Nei twa dagen binne der fan de 46.000 dielnimmers dy't tiisdei op de begjindei oan de start stienen noch goed 41.000 oer.
Op de twadde dei foelen hast 1.200 kuierders út. Dat binne folle mear as de 850 útfallers ferline jier. Benammen it waarme waar makket de fjouwerdaachse foar in soad rinners ekstra swier. De organisaasje soarget foar mear wetterpunten. Der dogge fansels ek Friezen mei oan de kuiertocht. Wy folgje twa fan harren.