Keatsrel yn kym smoard

In keatsrel is woansdeitejûn op it nipperke yn de kym smoard. Keatsferiening Makkum woe foar de frije formaasje partijen fan sneon sels lotsje. Makkum beropt him dêrmei op in beslút fan de algemiene ledegearkomste yn 2004.
De KNKB fynt dat soks net mear kin no't der mei in saneamde ranking wurke wurdt en der in stjoerde lotting plak fynt. Dat moat neffens de KNKB sintraal barre. Nei in protte druk helle Makkum woansdeitejûn bakseil. Under protest sil der sneon keatst wurde mei de listen en de lotting fan de KNKB.