Omseage beam is wurk gemeente

16 jul 2014 - 17:19
  • Omseage beammen yn park Ljouwert

Net fandalen, mar de gemeente Ljouwert hat beamstammen yn in boarterstún by de Gerbrandywei yn Ljouwert omseage. Neffens de gemeente wie der beswier fan omwenners tsjin de peallen. Ek neidat dy ferpleatst wienen wie der noch protest. In gemeentlik amtner hat dêrom besletten de peallen om te seagjen. Hy hat dat lykwols net trochjûn oan kollega's doe't er mei fakânsje gie. De gemeente kaam der pas achter doe't der oanjefte dien wurde soe fan it omseagjen. Nei de simmer wurdt oerlein mei de buert oer in better plak foar in boarterstún.

Earder dizze wike frege de plysje noch om tips oer it omseagjen fan de peallen. Ek it wykpanel wist fan neat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)