Oanpak oerlêst Zamenhofpark

16 jul 2014 - 14:13

De gemeente Ljouwert hat op 'e nij in 'samenscholingsverbod' ynsteld. Dit kear giet it om de wyk Cambuursterhoek, dêr't it ôfrûne jier yn en rûnom it Zamenhofpark in soad oerlêst fan jongerein wie. Sa waard foar tûzenen euro's fernield en waarden buertbewenners geregeld bedrige.

Al earder naam Ljouwert dizze drastyske maatregel foar de wyk Camminghabuorren. Troch it gearkloftferbod mei de plysje no groepen fan mear as 4 jongeren fuort oanpakke. It giet om in ferbod fan in pear moanne, dat ferlingd wurde kin as dat needsaaklik is.

Boargemaster Ferd Crone tinkt mei dit ferbod de problemen oplosse te kinnen. Der komme yn en om it park noch buordsjes te stean mei de eksakte regeling foar elkenien.

En ek yn de Blommebuert soargje ferfelende jongeren foar oerlêst en binne der fernielings. Sa binne der dizze wike beamstammen omseage dy't bedoeld binne om op te sitten. De gemeente hat foarearst noch net it plan om dêr in ferbod yn te stellen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)