MFC De Wier yn Oerterp fallyt

It fallisemint fan eksploitant Hoekstra fan multyfunksjoneel sintrum De Wier yn Oerterp hat foarearst gjin gefolgen foar de brûkers. De berne-opfang hat in eigen yngong en de oare brûkers binne der no net troch de fakânsje. It hiele sintrum is fan de gemeente Opsterlân. Dy wol sa gau mooglik mei de kurator sjen nei in oplossing om it sintrum wer iepen te krijen. De ekploitant fan De Wier hie it al langere tiid dreech. Ein foarich jier hat de gemeente de ynventaris al kocht fan Hoekstra. De eksploitant soe in skuld ha fan 90.000 euro.