Skyldsje op Lemster monuminten

Hieltyd mear gemeentlike monuminten yn de eardere gemeente Lemsterlân binne foar it publyk te werkennen. Op inisjatyf fan de stifting Doarpsbehâld Lemsterlân krije se in skyldsje op 'e gevel. Gebouwen moatte dan wol neffens de regels fan de stifting opknapt wêze. It 50ste skyldsje is woansdei pleatst, op in hûs oan de Strjitwei op 'e Lemmer.
De stifting Doarpsbehâld Lemsterlân hopet de goede gearwurking dy't der wie mei de eardere gemeente troch te setten mei de gemeente De Fryske Marren, dêr't Lemsterlân yn opgien is.