Chatservice ferslaving sukses

De chatservice fan Ferslavingssoarch Nederlân is in grut sukses. It binne benammen Friezen dy't der gebrûk fan meitsje. Sûnt 2011 kinne minsken help sykje fia de kompjûter. In meiwurker fan Ferslavingssoarch sit dan klear om fragen te beäntwurdzjen.
Ferline jier wiene der lanlik mear as 1200 petearen fia de chatservice. It sukses is sa grut, dat der neitocht wurdt oer útwreiding fan it oantal meiwurkers fan de chatservice.