Trio pakt foar mishanneling

16 jul 2014 - 11:34

De plysje hat trije ynwenners fan Marrum oanhâlden yn it ûndersyk nei in swiere mishanneling. Yn de feesttinte yn Aldtsjerk waard op sneon 6 july in 24-jierrige ynwenner fan Bûtenpost slein en skopt. Sûnder oanlieding krige er spul mei it trio en dêrby bruts er de skonk. Nei't de plysje mei tsjûgen praat hie, kamen se op it spoar fan de trije Marrumers fan 20 en 23 jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)