Ynbrekkers Easterwierrum pakt

16 jul 2014 - 08:47
  • Ynbraak

Mei tank oan tsjûgen koe de plysje tiisdeitenacht yn Easterwierrum twa ynbrekkers út Den Haach oanhâlde. Tsjûgen seagen de mannen om in oer as twa út de auto stappen en nei it doarpshûs rinnen en warskôgen de plysje. Doe't dy kaam wiene de ynbrekkers al fuort, mar de mannen fan 26 en 28 jier waarden mei help fan in plysjehûn yn de buert fan it doarpshûs oanhâlden. Se hiene in jildautomaat út it doarpshûs fan de muorre lutsen. De mannen sitte fêst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)