Brânwachten socht yn Menaam

15 jul 2014 - 20:27

De brânwachtpost fan Menaam besiket fia twitter oan nije frijwilligers te kommen. Der binne op dit stuit trettjin, mar it soe better wêze as der trije by kamen, want dan is de groep wer op normale sterkte. Der kin noch mei genôch minsken útrukt wurde, mar de wurkdruk leit wol heech op de kazerne. It wurdt hieltyd dreger om oan frijwilligers te kommen.

Frijwilligers moatte yn Menaam wurkje en wenje. Jonge minsken wurkje faak op oare plakken yn de provinsje. Fierder moatte de frijwilligers in soad leare en dat is ek noch wolris in drompel.

Der ha al minsken reageard, mar dochs is de blusgroep Menaam fan doel om noch in iepen dei te hâlden.

Trefwurden: 
Menaam brânwacht
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)