Deade by ûngelok Bûtenpost

15 jul 2014 - 18:21

By in swier auto-ûngelok by Bûtenpost is oan de ein fan tiisdeitemiddei in 47-jierrige frou út Bûtenpost om it libben kaam. Op de Dykhústerwei-Brêgeleane botsten twa auto's opinoar. It slachtoffer rekke swier ferwûne. Ambulânsepersoniel hat noch besocht om de frou te rêden mar dit is net slagge. In twadde slachtoffer, in 57-jierrige man út Surhuzum, is mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs brocht.

Troch it ûngelok hat de dyk fan Bûtenpost nei Blauforlaat in skoft lang ôfsletten west.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)