Hast 15.000e seizoenkaart
Sportklup Hearrenfean hat oant no ta hast 15.000 seizoenkaarten ferkocht foar it seizoen 2014\2015. Se rinne dêrmei foar op de ferkeap fan ferline jier.
Tiisdei of woansdei wurdt de 15.000e keaper fan in seizoenkaart ferwachte. Dy sil dan ekstra yn it sintsje set wurde.