Man stekt caravan yn de brân

15 jul 2014 - 15:10
  • Caravan oan Snitsertrekwei yn Ljouwert hielendal útbaand

Omstanners hawwe tiisdeitemiddei de dieder fan in brânstifting yn Ljouwert oanhâlden. In 44-jierrige man stuts oan de Snitsertrekwei in caravan yn 'e brân. De brânwacht koe net foarkomme dat dy folslein útbaarnde. Der ûntstie ek skea oan twa auto's en oan in skip.

De fertochte is troch de omstanners oerdroegen oan de plysje. Dy docht fierder ûndersyk nei de brânstifting.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)