Gjin sêfte lâning superheffing

15 jul 2014 - 12:18
  • Melke

Foar Fryske molkefeehâlders is it in ôffaller dat it foarstel fan steatssiktaris Sharon Dijksma it moandei yn Brussel net helle hat. Op 1 april takom jier wurdt de superheffing ôfskaft. Boeren meie dan sa folle molke produsearje as se wolle. No stiet dêr noch in boete op: de superheffing.

Om takom jier mear molke produsearje te kinnen, skaffe boeren no alfêst mear kij oan. Se produsearje no te folle molke, en de steatssiktaris wol dat dêr ek mear romte foar komt. Dat is ôfwiisd, en dat kostet de Nederlânske boeren mei-inoar miljoenen.

Foarsitter Geart Kooistra fan LTO-Fryslân fynt it spitich dat der net wat mear romte komt foar in 'sêfte oergong'. Hy hâldt no rekken mei in skokeffekt op 1 april 2015, de datum dat de superheffing ferdwynt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)