Opfolger taptoe giet net troch
De earste edysje fan it Proud Event dat yn oktober yn Ljouwert hâlden wurde soe, giet net troch. De organisaasje fan de opfolger fan de Taptoe Ljouwert hat net genôch jild byinoar krige om it evenemint mei grutte artysten betelje te kinnen. It programma wie al sa goed as klear.
It boadskip dat it evenmint net trochgiet, is hurd oankaam by de frijwilligers. Nei de simmerfakânsje wol it bestjoer him beriede op de takomst fan it evenemint.