Huzeferkeap lûkt wer oan

Yn it twadde fearnsjier fan 2014 binne yn Fryslân 380 mear huzen ferkocht as ferline jier. Mei-inoar binne 1073 huzen ferkocht.
Foarsitter Albrecht Kok fan makelersferiening NVM is bliid mei de taname. Neffens him komt dat troch de ekonomy dy't stadichoan wer by de wâl opklaut en troch it wenoffinsyf dat de makelers yn 'e mande mei de provinsje opset hawwe. Boppedat is no goed te sjen dat mear starters in hûs keapje. De prizen fan de ferkochte huzen binne yn trochsneed mei 2,5 prosint omheechgien.
Der binne wol ferskillen yn de streken yn de provinsje wat de huzeferkeap oanbelanget. Benammen yn it súdwesten fan de provinsje rint de ferkeap minder hurd en lizze de prizen leger. Hoe't dat komt, moat noch útsocht wurde.