Paulusma: fiif dagen 25+

© Omrop Fryslân
Waarman Pyt Paulusma ferwachtet de kommende dagen de earste waarmtegolf fan dizze simmer. Fan tongersdei ôf giet de temperatuer omheech nei 25 graden of heger. Op freed kin de temperatuer boppe de 30 graden komme. It bliuwt droech.
Paulusma komt ta in waarmtegolf omdat de hege temperatuer fan woansdei ôf fiif dagen oanhâldt. Sneon of snein is der as reaksje op it waarme waar kâns op tongerbuien.