Minder garnalen út Waadsee

14 jul 2014 - 20:20

Garnalefiskers meie aanst yn stikken fan de Waadsee net mear oan it wurk. Ferskate gebieten wurde sluten foar de fiskerij. It giet yn totaal om 6,5% fan de hiele Waadsee. Dy ôfspraken hawwe de fiskers makke mei natuerorganisaasjes en de oerheid om de Waadsee duorsumer te meitsjen.

Mooglik wurde der letter mear gebieten sluten foar de fiskerij. Wat de finansjele gefolgen binne foar de fiskerij, is op dit stuit noch net dúdlik.

Trefwurden: 
Waadsee Garnalefiskerij
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)